Lauwersland Online - Aant Jelle Soepboer en Baldrs Draumar yn Theaterkerk Nes

maandag 20 januari 2020

Aant Jelle Soep­boer en Baldrs Draumar yn Thea­ter­kerk Nes

NES - Op freed 31 janne­waris om 20:00 oere stiet de teatert­sjerke yn Nes yn it teken fan de Fryske midsiuwen. 

Aant Jelle Soep­boer nimt it publyk yn syn lêzing "it ferhaal fan de ferlie­zers", mei nei de tiid fan kening Rêdbâd, de tiid wêryn ’t Fryslân noch in grut en mach­tich ryk wie, it sane­amde Magna Frisia. De lêzing, dy’t earder al in mear as útfer­kochte seal yn it Frysk Museum ople­vere, giet yn op it libben fan de Friezen yn de iere mids­i­uwen en jout antwurd op fragen lykas "wiene de Friezen Vikingen?" en "wie Fryslân wol ien grut ryk?"

Baldrs Draumar

De populêre folk en folk­metal band Baldrs Draumar sil it ferhaal muzi­kaal omliste mei harren prach­tige akoe­styske lieten. De band toert troch hiel Europa en komt spesjaal foar dizze jûn nei de teatert­sjerke yn Nes. Foar de echte mids­i­uwske leaf­ha­w­wers sil de jûn earder begjinne mei in wier mids­i­uwsk trijegon­gen­miel, klear­makke troch sjefkok Wiebe de Jong. Dit trijeg­ongsmiel is al útfer­kocht. Foar de lêzing en muzyk binne noch wol kaarten te krijen.

Foto & tekst: © Klasina van der Werf

Thea­ter­kerk Nes

Wies­terwei 2
9143 WJ Nes

Datum: vrijdag 31 januari 2020
Tijd: 20:00 uur

Kaarten zijn verkrijg­baar via www.theaterkerknes.nl !