Lauwersland Online - Al 150 Fryske flaggen yn 34 lannen foar "Operaasje Fryske Flagge"

dinsdag 29 september 2020

Al 150 Fryske flaggen yn 34 lannen foar "Operaasje Fryske Flagge"

PROVINSJE FRYSLÂN - Yn de simmer wie it startskot fan in grutte ynter­nas­jo­nale operaasje. Soargje dat de Fryske Flagge in emoji kriget sadat dy aanst brûkt wurde kin op sosjale media lykas WhatsApp en Facebook. De online redaksje fan Omrop Fryslân die in oprop oan "Friezen om utens" om in foto mei in Fryske flagge yn te stjoeren. Yntusken hawwe al mear as 150 Friezen dy't bûten Fryslân wenje dêr op reage­arre.

It doel fan de operaasje is simpel: foto's en ferhalen sammelje fan Friezen út de hiele wrâld, fansels mei in Fryske flagge yn 'e hannen. "It moaiste soe wêze dat we út alle lannen, fan 'e wrâld, dat binne der sawat 198, in foto fan de Fryske flagge krije. It lit sjen hoe ynter­nas­jo­naal ús Fryske flagge is.", seit Ronald van der Pol, redak­teur online. It ultime doel is fansels dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Ien kear yn de moanne dûkt Omrop Fryslân ek yn de efter­grûn fan de flagge, lykas it ûnts­tean derfan. Sa waard der al ûndersyk dien nei de kenmerken fan in échte goeie Fryske flagge. Dy hat trije wite banen en sân pompe­blêden mei harren rûne foarmen, dy't der dus net as lytse herten út sjen meie. Want dat komt nochal krekt.

Yntusken binne der op de kaart fan Operaasje Fryske Flagge mear as 150 foto's te sjen fan Friezen om utens út 34 fers­kil­lende lannen. "Dat is al hiel goed, mar dêr kin noch mear by." seit de Ronald. Ien kear yn 'e wike wurdt der live op radio belle mei ien fan de ynst­joer­ders yn De middei fan Fryslân. "En alle kearen blykt wer dat de bân mei de pompe­blêden en it heitelân noch hieltyd tige sterk is, hoelang't se faak ek al út Fryslân fuort binne."

It krijen fan sa'n nije emoji is noch in hiel trajekt. Der moat in skrift­like oanfraach yntsjinne wurde by in ynter­nas­jo­nale kommisje en der moat oan nochal wat betingsten foldien wurde. Dy kommisje bepaalt ien kear yn it jier hokker nije emoji's talitten wurde.

Afbeel­ding & tekst: © Omrop Fryslân