Lauwersland Online - De foaroardielen oer it praktykûnderwiis yn "Ik bin PRO"

vrijdag 10 januari 2020

De foaro­ar­dielen oer it prak­tykûn­der­wiis yn "Ik bin PRO"

PROVINSJE FRYSLÂN - Yn Fryslân geane sa'n 1300 bern nei it prak­tykûn­der­wiis, it fuortset ûnder­wiis foar bern dy't net nei it VMBO kinne omdat se muoite hawwe mei learen. Oer de lear­lingen en it prak­tykûn­der­wiis besteane in soad foaro­ar­dielen, dêrom hat Omrop Fryslân yn gear­wur­king mei it prak­tykûn­der­wiis Fryslân de tele­fy­zjesearje "Ik bin PRO" makke. "Ik bin PRO" is fan woansdei 22 janne­waris ôf alle woans­deis te sjen om 17:30 oere by Omrop Fryslân.

Yn it programma rint pres­in­tator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar prak­tykûn­der­wiis, om ris efter it stigma fan 'min learende bern sûnder takomst­per­spektyf' te sjen. In ferhaal dat ek as spegel tsjinnet foar ús ûnder­wi­is­sys­teem en de prest­aas­je­maats­kippij dêr't wy yn libje. PRO Dokkum, De Diken yn Snits en Seven­wolden Compagnie op It Hear­ren­fean steane sintraal yn dit nije programma fan Omrop Fryslân.

Earste ôfle­ve­ring

Yn de earste ôfle­ve­ring fan "Ik bin PRO" yntro­du­searret Raynaud it prak­tykûn­der­wiis. Hy moetet lear­lingen en praat mei orto­pe­da­gooch Henk Wesse­ling en direk­teur Peter Zelden­rust fan De Diken oer de ynstek fan it prak­tykûn­der­wiis. Fan ôfle­ve­ring twa ôf is alle wiken in portret te sjen fan in lear­ling. Byge­lyks fan de 12-jier­rige Jitze fan Skear­ne­goutum dy't graach plys­jeman wurde wol. Mar hoe ferhâldt syn nivo him ta dy dream? Binne dy amby­sjes reëel? Yn ôfle­ve­ring trije is de 14-jier­rige Sandra fan Damwâld te sjen. Yn dy ôfle­ve­ring stiet it IQ en de wearde fan it IQ-label sintraal.

Ik bin PRO

De freugde en it fert­riet fan it PRO: fan 22 janne­waris ôf alle woans­deis om 17:30 oere by Omrop Fryslân yn "Ik bin PRO".

Foto: © Vander­schaaf Film
Tekst: © Omrop Fryslân