Lauwersland Online - Ferhalen út de GGZ wei by Omrop Fryslân

dinsdag 25 augustus 2020

Ferhalen út de GGZ wei by Omrop Fryslân

PROVINSJE FRYSLÂN - It liket wol as oft it de lêste tiid hieltyd faker foar komt. Nijs­ber­jochten dêr't yn sprutsen wurdt oer in "ferward persoan". Wylst de GGZ it leaver hat oer "perso­anen mei ûnbe­grepen gedrach". Faak sit der in hiel ferhaal efter dy berjochten. Wa binne de minsken dy't yn behan­ne­ling binne by de GGZ en wêrom soe it jo of my net oerkomme kinne? Pres­in­tator Miranda Werkman siket it út en sjocht efter de doarren fan GGZ Fries­land.

Oan it begjin fan de rige "Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei" komme we yn de kunde mei Bram. "Ik vond het niet fijn om opge­sloten te zitten, maar het was wel echt nodig." Bram is twongen opnommen en sit op De Flinter, de High Inten­sive Care klinyk yn Frjent­sjer. Op syn keamer fertelt er oer hoe't it misgie en wêrom't der in befel fan de boar­ge­master oan te pas komme moast om him opnimme te litten. Bram wie doe psygoa­tysk en ien fan de kenmerken dêrfan is dat je dan waan­foar­stel­lingen hawwe. No giet it in stik better mei Bram. It helpt him dat er alle dagen nei de deibe­ste­ging kin om oan fytsen te wurkjen of noch better; syn eigen brommer. Mar hy is foaral bliid dat er syn freonen en famylje noch om him hinne hat. Dy stipe hat him der troch­hinne skuord.

Miranda Werkman komt fan Frjent­sjer en is grut wurden mei it strjit­byld fan pasjinten fan de GGZ. Ek hat se yn har eineksa­men­tiid as skjin­mak­ster oan it wurk west yn de gebouwen fan GGZ Fries­land. "De ferhalen fan de minsken makken doe al bot yndruk op my. De frou dy't my alle moarnen wer frege wat se no earst dwaan moast; ite, oanklaaie, dûse of nei har wurk ta gean. Alle dagen joech ik har itselde antwurd en dan waard se wer rêstich. Of it ferhaal fan de man dy't fertelde dat er it alle­ge­arre goed foar elkoar hie. Oant er syn frou ferlear. Ik sjoch him noch foar my, mei syn grutte hannen en drôvige eagen. Ik tocht; ja, dit kin elke­nien oerkomme."

Anno 2020 is der in soad feroare; de maats­kippij is fansels hiel oars wurden, mar hoe sit dat mei de psychi­a­tryske soarch? GGZ Fries­land lit graach sjen wat der alle­ge­arre bart. Pasjinten en de meiwur­kers fertelle iepen en earlik har ferhaal en oer it wurk dat se dogge en wat der feroare is.

"Per jaar krijgen ruim 7300 mensen in Fries­land voor het eerst een psychi­sche aandoe­ning.", aldus Ton Dhondt, best­joerder en psychi­ater fan GGZ Fries­land. "Onge­veer 4 op de 10 Friezen voldoen op enig moment in hun leven aan de criteria van een psychi­a­tri­sche diagnose. Studies laten zien dat veel mensen, liever geen psychi­a­tri­sche patiënt als buurman of collega hebben, en dat nog meer hen niet als vriend, partner of schoon­dochter in hun leven zouden toelaten. We hopen dat door deze serie mensen zich meer kunnen verplaatsen in onze pati­ënten."

Yn dizze searje fan acht wiken sjocht program­ma­makker Miranda Werkman wat der efter de doarren fan GGZ Fries­land plak­fynt. Fan Frjent­sjer oant Dokkum, Lemmer, Ljou­wert en Boal­sert. Bram en oare pasjinten dogge earlik har ferhaal. Oer wat der mis gie, hoe't se holpen binne en hoe ynge­wik­keld it somtiden wêze kin om wer in plakje yn de maats­kippij te finen. De rige "Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei" is fan 31 augustus ôf alle moandeis te sjen by Omrop Fryslân. Fan 17:15 oere ôf, elk heal oere.

Foto & tekst: © Omrop Fryslân