Lauwersland Online - Nei 25 jier gjin nije aventoeren mear fan Bear Boeloe

zondag 12 januari 2020

Nei 25 jier gjin nije aven­toeren mear fan Bear Boeloe

PROVINCIE FRYSLÂN - "Bear Boeloe, Bear Boeloe, Boeloe de bear, wat oh wat belibbet er dizze kear." Ferskate gene­raasjes binne opgroeid mei dat ferske en de aven­toeren fan Bear Boeloe. 25 jier nei de start fan it programma yn janne­waris 1995 komt der in ein oan de ferha­len­rige en wurde der gjin nije ôfle­ve­ringen mear makke. Dat waard snein bekend makke yn it radio­pro­gramma Buro de Vries. "It 25-jier­rich jubi­leum is in moai momint om op te hâlden en op syk te gean nei nije útda­gingen.", sa fertelt Feije van der Meer, de stim fan Bear Boeloe.

Der binne noch 13 nije ôfle­ve­ringen makke mei de bekendste bear fan Skier­mûnt­seach. Dy binne yn de rin fan dit jier op tele­fyzje te sjen. Bear Boeloe sil net hielendal út de program­me­ar­ring stappe by Omrop Fryslân. Sa is hy mei syn freonen noch te sjen yn it berne­pro­gramma Sokke­balje en binne de útstjoe­ringen online werom te sjen fia Omropfryslan.nl en Skoal.tv.

Bear Boeloe wike

Om it 25-jierich jubi­leum te fieren is der in spesjale Bear Boeloe wike by Omrop Fryslân. Fan 13 oant en mei 17 janne­waris trak­te­arret de Omrop sawol de lytste fans as de grut­tere leaf­ha­w­wers op in fûgel­flecht út it bestean fan Bear Boeloe. Alle dagen is Bear Boele mei in pear ôfle­ve­ringen werom op it âlde fertroude tiidstip: 18:45 oere. De wike begjint mei de alde­re­arste trije ferhalen út 1995 en sil fia lettere ôfle­ve­ringen (om de 200e, 400e en 600e hinne) útkomme by de alder­lêste (nije) ôfle­ve­ringen. Dêrn­jonken meitsje fans yn it radio­pro­gramma Weistra op Wei kâns op offis­jele teke­ningen fan Bear Boeloe.

Bear Boeloe is it programma fan Omrop Fryslân foar bern fan 3 oant 6 jier. Yn de ferhalen fan Bear Boeloe komme faak maats­kip­like ûnder­werpen oan bar, dy't op in moaie manier ferpakt wurde. Sa binne se nijs­g­jir­rich foar de bern, mar mei in knypeach nei de folwoek­senen. Yn de 25 jier hat Helena de Boer, de teke­ne­resse en skri­uw­ster, 785 ferhalen makke en hawwe Leny Dijkstra en Feije van der Meer soarge foar hast 60 stimmen. De rezjy wie al dy jierren yn hannen fan Feije van der Meer.

Afbeel­ding & tekst: © Omrop Fryslân