Lauwersland Online - Omrop Fryslân docht 20 jier nei dato "SimmerTime" oer

woensdag 31 augustus 2020

Omrop Fryslân docht 20 jier nei dato "Simmer­Time" oer

PROVINSJE FRYSLÂN - Simmer 2000, mar benammen ek it slot­kon­sert Simmer­Time, wie in hiele belib­bing. Twein­tich jier letter docht Omrop Fryslân it nochris oer. Omrop Fryslân lit sneon 29 augustus deselde arty­sten it spek­tak­ulêre Simmer­Time op 'e nij útfiere. It konsert is de ôfslu­ting fan in simmer lang omtinken foar Simmer 2000 yn it programma Sneon yn Fryslân. Yn ferbân mei de coron­a­maat­re­gels is it konsert diskear ek allinne fia radio en tele­fyzje te folgjen.

De Kast, Piter Wilkens, Albert Bonnema en Maaike Schuur­mans komme op 29 augustus nei Boazum om it magyske konsert nochris oer te dwaan. Sneon yn Fryslân is dêr live by, alles is foar eltse­nien live te folgjen fan 13:00 oant 18:00 oere op radio en tele­fyzje by Omrop Fryslân.

Simmer 2000, is in begryp yn ús provinsje. Trije wike lang waarden der tal fan akti­vi­teiten orga­ni­searre. Friezen om utens kamen mei Simmer 2000 werom nei Fryslân. Dy trije wiken mei evene­minten, ekspo­sysjes en foar­stel­lingen waarden ôfsletten mei in grut slot­kon­sert mei optre­dens fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuur­mans en Albert Bonnema.

Pres­in­tator en ferslach­jouwer Geert van Tuinen is inis­ja­ty­f­nimmer fan dit projekt by Omrop Fryslân: "Wy binne der efter­kaam dat Simmer 2000 en de muzyk noch hieltyd libbet. Alles kaam dat jier byinoar yn in prach­tige konsert en dus moast dat der dit jier fansels ek komme."

Simmer 2000 yn 2020

Yn de simmer fan 2020 seach Omrop Fryslân acht wiken lang werom op dy magyske simmer. Dit feest­like werom­sjen begûn sneon 11 july mei in lokaasje útstjoe­ring yn Boazum. Fier­ders binne der alle sneonen yn it radio­pro­gramma Sneon yn Fryslân ferskate repor­taazjes útljochte en gasten ûntfongen yn de studio. Mei in grut slot­stik kommende sneon wurdt de werom­blik op in heuch­like wize ôfsletten.

It Simmer­Time konsert is sneon 29 augustus live te folgjen fan 13:00 oant 18:00 by Omrop Fryslân op radio en tele­fyzje.

Foto & tekst: © Omrop Fryslân